Man út Gytsjerk moat auto ynleverje

11 okt 2018 - 09:55

In 34-jierrige automobilist út Gytsjerk moast woansdei syn auto ynleverje. De man waard op it Rengerspaad yn Ljouwert oanhâlden. Hy ried sûnder rydbewiis en hie noch twa boetes iepenstean. Om't de Gytsjerkster net betelje woe as koe, moast er syn auto ynleverje.

Plysje - Foto: ANP
Trefwurden: 
plysje Gytsjerk
(advertinsje)