Dôfhûdige Ljouwerter is brommer kwyt
In 24-jierrige brommerrider út Ljouwert moast woansdei syn brommer ynleverje by de plysje. De man waard op de Valeriusstrjitte oan de kant set. Hy ried sûnder rydbewiis.
Om't dat al de fiifde kear yn fjouwer jier wie, naam de plysje de brommer fan de dôfhûdige Ljouwerter yn beslach.