LIVEBLOG: De tredde dei fan de rjochtsaak tsjin de A7-blokkearders

11 okt 2018 - 15:37

De 'blokkear-Friezen' moatte tongersdei op 'e nij ferskine foar de Ljouwerter rjochtbank. Op 18 novimber 2017 blokkearren 34 minsken by De Jouwer de A7 foar anty-Swarte Pyt-demonstranten. Moandei en tiisdei binne der al 31 fertochten oproppen. Troch de sneldyk te blokkearjen, hawwe de fertochten foar in gefaarlike situaasje soarge. Se binne oanklage foar ferskate saken, lykas it tichtsetten fan de iepenbiere wei en it behinderjen fan in demonstraasje.

Rjochtbankferslachjouwer Auke Zeldenrust folget de saak ek dizze tredde dei. Op dizze dei moat ek Jenny Douwes foarkomme, sy pleatste de oprop foar de blokkade op de A7. Ek krijt de aksjegroep Kick Out Zwarte Piet ynsprektiid.

17:41
Ein fan it liveblog hjoed

Oant safier dit liveblog fan de tredde dei fan de rjochtsaak tsjin de A7-blokkearders. Fan moarnier ôf is de lêste dei ek wer by ús te folgjen.

19:38
In gearfetting fan dei trije yn Weistra op wei

In gearfetting fan dei trije yn Weistra op wei

17:15
Omtinken foar de tredde dei yn Fryslân Hjoed
15:37
Betere helden

Afriyie: "Dit was niet een nuchter Fries uitje op de A7, maar georganiseerde misdaad. Zonder enig berouw paradeert men triomfantelijk voor onze ogen. Het stemt me gerust dat de misdaden van de verdachten niet stilletjes in de geschiedenis verdwijnen. Geloof me Friesland, dit zijn geen helden. Jullie kinderen verdienen betere helden."

15:30
Wit geweld

Afriyie: "Het gaat niet over Zwarte Piet, maar door de blokkade gaat het er juist wel over. Ik weet dat veel Friezen zwarte mensen niet mogen. Ik proef dezelfde sfeer hier in de rechtbank als op de A7. Is het dan toch zo dat wit geweld loont? Het is 2018 en we moeten nog harder vechten voor de rechten van onze kinderen dan voor dierenrechten."

15:25
Koloniaal

Jerry Afriyie komt no oan it wurd: "De landelijke intocht is een koloniale voorstelling. Daar blijven we tegen protesteren, zolang de NTR het uitzendt. We hebben maar één dag om te protesteren tegen dit racistische feest en die dag is ons ontnomen."

15:24
Geen geweld

Esajas: "Ik wil graag in gesprek met de verdachten. Hiermee geven we aan dat we geen geweld willen gebruiken."

15:17
Willens en wetens

Esajas: "Jenny Douwes heeft willens en weten de actie op touw gezet. Ook al zegt ze in de rechtbank van niet. Ze wordt door velen als heldin gezien, maar ze verdraait de feiten. Ze minacht hiermee de rechtsstaat. Ook dat anderen als helden worden gezien, klopt niet. Ik hoop dat u ze veroordeelt en een signaal afgeeft dat je als burger niet een ander een democratisch recht mag ontnemen."

15:10
Angst

Esajas: "Door wat we hebben meegemaakt op de A7 zijn we angstiger geworden om gebruik te maken van ons democratisch recht om te demonstreren. Zelfs vandaag was ik bang om weer naar het noorden af te reizen en de agressieve verdachten weer te zien."

15:06
Een hel

Esajas: "De Sinterklaastijd mag voor veel mensen een gezellige tijd zijn, voor ons is dat niet het geval. Het is een tijd van pesterijen en discriminatie. Het is voor ons een hel. Ook vandaag worden we weggezet als onruststokers. De blokkade heeft een traumatisch effect op ons gehad. Ik heb meer demonstraties meegemaakt, maar dit was het meest beangstigende moment in mijn leven."

15:00
Sprekrjocht

It wurd is oan Mitchell Esajas fan Kick Out Zwarte Piet, mar hy sprekt op persoanlike titel. "Ik geloof in een samenleving waarin iedereen gelijk wordt behandeld. Ik heb als klein jongetje meegedaan aan de Sinterklaastraditie. Mijn moeder werd gezien als knecht van de Sint. Dat was een heftige ervaring. Daarom wilde ik in Dokkum meedoen aan een vreedzaam protest."

14:51
Lespakket

Sluiter wol fan de fertochten ûnder oare in skeafergoeding yn natuera. "Ik wil graag dat de verdachten verplicht worden om een dag lang de lessen en workshops van de stichting Nederland Wordt Beter te volgen. Als ze er niet aan willen deelnemen, moeten ze een dwangsom van 200 euro per persoon betalen", seit Sluiter. Fierder freget Sluiter in skeafergoeding fan goed 7000 euro.

14:40
Onruststokers

Advocaat Sluiter: "Geen van de verdachten heeft spijt betuigd. Ze hebben niet beseft dat ze mijn cliënten angst hebben aangejaagd. Verdachten worden als helden betiteld, mijn cliënten worden als onruststokers weggezet. Verdachten hebben volgens een vooropgezet plan gewerkt."

14:35
Skeafergoeding

Advokaat Sluiter fynt dat der in skeafergeding komme moat. "Verdachten hebben mijn cliënten het grondrecht om te demonstreren ontnomen. De actie was agressief en bedreigend, De inzittenden hebben angstige momenten beleefd." In tsjûge seit: "Mijn lichaam schiet naar voren. Auto's trappen voor ons op de rem. Mijn handen trillen, mijn hart klopt in mijn keel. De politie die komt, schudt handen met de blokkeerders. Ik denk: waarom wordt er niemand opgepakt?"

14:29
Sprekrjocht

Aanst komme de minsken fan Kick Out Zwarte Piet oan it wurd. Dat binne Mitchell Esajas en Jerry Afriyie. Earst seit harren advokaat Sluiter: "Alle inzittenden van de drie bussen zijn aangedaan door het brute optreden van de verdachten. Een van de chauffeurs zag mensen dreigend op zich afkomen."

13:07
Lêste fertochte

De lêste fan de 34 fertochten komt no foar. Hy is de iennige dy't in oare advokaat hat. Barbara Klunder út Amsterdam stiet de 56-jierrige fertochte fan It Hearrenfean by. Fertochte: "Ik kwam per ongeluk in de blokkade terecht, ik was gewoon aan het toeren op mijn motor." De fertochte hat oanjefte dien fan poging ta deaslach tsjin de demonstranten om't ien fan de bussen de achterkant fan syn motor rekke hat.

13:57
Hooivork

Fertochte seit dat hy gjijn politike foarkar hat, mar hy hat wol appt 'dat we met een hooivork naar Den Haag moeten om de linkse kliek daar weg te jagen.'

13:54
Dom blondje

Fertochte: De blokkade is een domme actie geweest van domme jongens. En Jenny Douwes ken ik niet. Dat is een dom blondje uit Drachten dat een grote mond heeft.

12:31
Wout Zijlstra jout statement

Sterke man Wout Zijlstra is troch sympatisanten fan de blokkear-aksje frege om stipe. Hy sil freed yn de rjochtseal oanwêzich wêze en in statement ôfjaan. "Wy bepale sels wol hoe 't wy in Sinteklaasfeest fiere. Der binne dagen dat jo net demonstrearje moatte", neffens de sterke man út Follegea, "Dit rekke my yn myn hert".

11:46
Lilk fuortrûn

Ien fan de besikers rint lilk de seal út. Hy seit dat it der net earlik oan ta giet. "Minsken fan Kick Out Zwarte Piet meie wol twitterje, wylst wy de tillefoan net iens yn 'e hân hâlde meie", klaget hy. "As dit it rjocht is yn Nederlân, dan bin ik der klear mei." Hy rûn sels fuort, oars wie hy troch de befeiligers út de seal setten, want de rjochter hie har nocht dat hy de saak fersteurde.

11:30
Fertochte út Damwâld oan it wurd

Der is no in 35-jierrige fertochte út Damwâld oan it wurd: "Het is nooit de bedoeling geweest om een blokkade op te werpen." Rjochter: "Maar u staat toch stil." Fertochte: "Maar er stonden veel meer auto's stil."

11:08
Plysjeman wurdt heard

De belutsen plysjeman wurdt no heard troch de rjochter. "Ik moest hem van mijn chef vragen de actie te staken", seit de plysjeman. "Ik heb hem gezegd, dat als hij het niet van Facebook zou halen, hij zich schuldig zou maken aan een strafbaar feit. Ik heb niet gezegd dat als hij en Jenny het eraf zouden halen, dat ze dan niet zouden worden vervolgd. Dat heb ik pertinent niet gezegd!"

11:01
Plysje man oan de doar

Der wurdt no in 51-jierrige man as tsjûge oproppen. Hy wie ien fan de mei-organisatoaren fan de oprop op Facebook. Op 16 novimber kaam der in plysjeman by him oan de doar mei it boadskip. "Op last van het Openbaar Ministerie moet u de oproepactie staken, anders wordt u vervolgd." Doe hat hy nei oerlis mei Jenny Douwes de aksje staakt.

10:36
Net ferfolge

Op 16 novimber, twa dagen foar de yntocht, bellet de plysje Douwes mei de fraach om de oprop fan Facebook te heljen. 'Als je het eraf haalt word je niet vervolgd', wie de strekking fan it boadskip fan de plysje, Douwes hat de oprop fuorthelle. Doe 't se dochs de oanklacht fan opruiing yn de bus krige, wie har earste reaksje: dat wie net de ôfspraak!

10:23
Frysk

De Fryske taal soarget foar wat argewaasje. De advokaat fan Kick Out Zwarte Piet kin it net mear folgje en freget om in oersetting. Der wurdt no in tolk by roppen en dy sit no neist Douwes om har ferhaal oer te setten. In sjoernalist fan in lanlik medium is ferbjustere. "Praat toch gewoon Nederlands hier, dan kan iedereen het verstaan!"

10:17
Eigen rechter

Offisier fan justysje tsjin Douwes: "U hebt voor eigen rechter gespeeld. En waarom was eigenlijk de Friese vlag nodig om een Sinterklaasfeest te redden?" Douwes: "Dat ha ik hielendal net sein, ik fiel my net ferantwurdlik."

10:07
Ik bin gjin pro-Pyt

Douwes: "Ik bin gjin pro-Pyt, ik ha genôch freonen dy't anty-Pyt binne, Dêr gong it my ek net om. It giet om de feiligens fan ús bern. Ik fiel my dus ek net ferantwurdlik foar wat der bard is. Want ik ha de oprop op tiid fan Facebook helle en dêrnei is it ûntploft."

10:02
9:56
Untploft

Douwes: "It is hielendal ûntploft. Ut alle lagen fan de befolking kamen reaksjes. Mar ik wie net fan doel om wat strafbers te dwaan. Achterôf hiene wy it miskien yn bettere banen liede moatten. Mar ik ha neat strafbers dien en seker net de saak opstokele."

9:44
Ut de hân

Douwes wie benaud dat de demonstraasje fan Kick Out Zwarte Piet út de hân rinne soe yn Dokkum, lykas ek earder bard is yn oare plakken. Dêrom woe se foarkomme dat de demonstranten nei Dokkum kamen. "En dat hie de boargemaster dwaan moatten, net ik", seit se. Dat leveret har applaus op, mar dat mei net fan de rjochter. Noch ien kear en dan wurde der maatregels naam yn de rjochtseal.

9:39
Ekstreem-rjochts

Douwes ergeret har oan de berjochtjouwing fan guon media yn dy tiid. "Ik waard delset as ekstreemrjochts, ik waard sels de oanfierder fan neo-nazis neamd. En dat wie hiel ferfelend. It giet my net om de kleur fan Swarte Pyt, mar om de feiligens fan ús bern."

9:33
Bedrige

Douwes fertelt dat se har bedrige fielde troch de boargemaster fan Dongeradiel en de plysje, in dei foar de blokkade. Ek fan oare minsken krige se drigementen. Se nimt dêrom har bern net mei nei de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum.

9:27
Applaus

Douwes praat Nederlânsk, mar is Frysktalich, Midden yn har ferhaal skeakelet se oer nei har memmetaal. "Ik tink yn it Frysk", leit se út. Se krijt applaus út de seal.

9:23
Gesodemieter

De rjochter pakt noch efkes de oprop derby. 'Er komen onruststokers deze kant op. We weten allang dat de mensen in het westen gek zijn, maar wij zijn nuchter. We laten het kinderfeestje niet verstoren. Meld je dus met Friese vlag, auto, tractor en paard en wagen. Geen gesodemieter met onze kinderen, we gaan ze tegenhouden.'

9:21
Ludyk

Douwes: "Ik wist niet dat we iets strafbaars deden. Onze boodschap was duidelijk, Het was ludiek bedoeld."

9:17
Chatpetear

De rjochter freget Douwes nei de petearen op Facebook. Douwes wit net krekt mear om hokker berjochten it giet. "Ik heb wel 15.000 berichten gekregen. Iedereen zag mij als woordvoerder, de berichten kwamen met tien, twintig tegelijk."

9:10
Jenny Douwes

Jenny Douwes wurdt neist de oare oanklachten fertocht fan opruiing. Se moat har aanst ferantwurdzje en sit yntusken op de stoel fan de fertochte. Se hat fan 'e moarn noch wiidweidich oerlis hân mei har beide advokaten Tjalling van der Goot en Wim Anker. Op dit stuit komme ek de minsken fan Kick Out Zwarte Piet yn de sittingsseal.

9:07
Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
8:55
Kick Out Zwarte Piet

Niiskrekt binne seis minsken fan Kick Out Zwarte Piet by de rjochtbank oankaam. Se binne troch de achteryngong fan it rjochtbankgebou nei binnen gong. Se krije fan 'e middei sprekrjocht.

8:42
Foto: ANP
8:31
Drok

It is al drok by de Ljouwerter rjochtbank. Jenny Douwes dy't as earste foarkomme moat, wie as ien fan de earsten binnen. Der is hjoed wer in soad parse oanwêzich. Fan 'e moarn komme der trije fertochten foar, fan 'e middei krije de tsjinstanners fan Swarte Pyt it sprekrjocht. Bûten stiet in saneamde kalamiteitewein fan de gemeente en de plysje klear.

8:30
Earste twa dagen yn byld
8:30

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust sjocht foarút op de tredde dei

Trefwurden: 
A7 rjochtsaak blokkade
(advertinsje)