Restaurant Koriander leveret Michelinstjer yn: "Wolle mear op ússels wêze"

11 okt 2018 - 08:29

Topkok Jan Gaastra fan restaurant De Koriander yn Drachten wol syn Michelinstjer ynleverje. De foardielen weagje net langer op tsjin de neidielen, seit de 59-jierrige Gaastra, dy't de stjer 20 jier lyn krige.

De ferwachtingen fan de klanten binne faak heech en foar guon minsken is de stjer júst in drompel om't se tinke dat it restaurant djoer is. Gaastra hat plannen om by syn eigen hûs in bêd-en brochje mei in leechdrompelich restaurant te begjinnen.

"Wy wolle mear op ússels wêze en dêrom wolle wy aansens in lytsere kaart. Troch de prizen wat nei ûnderen te heljen, hoopje ik dat der mear nije minsken by komme. Op dizze manier joust oare minsken ek in kâns om del te kommen."

Ferbjustere reaksjes

By Michelin binne se ferbjustere oer it fersyk fan Gaastra. Se sizze der wol by dat restaurants net sels harren stjer ynleverje kinne. "Die beoordeling ligt bij ons, al hebben we er begrip voor als een chef om gegronde redenen een andere weg wil inslaan."

Yn 2009 gie sjef-kok Michel Kagenaar Gaastra foar.

Topkok Jan Gaastra

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(advertinsje)