Stichting Vier Voeters koe liuwewelp net opnimme
De jonge liuw dy't snein troch in hurdrinner fûn waard yn in stik lân by Tienhoven, wie de freeds derfoar oanbean by de stichting Vier Voeters yn Nijeberkeap. Dêr koene se it welpke lykwols net aksepetearje om't it opfangsintrum gjin yllegale bisten oannimme mei. Dat seit direkteur Barbara van Genne.
De eigener fan de jonge liuw belle freed anonym mei de stichting en frege oft sy it welpke ophelje koene yn Utert, mar dat koe dus net. Hie de man de liuw foar de doar fan de opfang dumpt, dan hiene se it bist wol opfange mochten.
De liuw wurdt no opfongen troch Stichting Leeuw. De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit ûndersiket wêr't de liuw weikomt.