Kollum: "Leaver dea as slaef"

11 okt 2018 - 07:46

Neffens de Ljouwerter Krante hong der boppe de grutte dyk by Drachten en by Surch in spandoek. Fryslân is foar de rest fan Nederlân dizze wike redusearre ta grutte diken en in rjochtbank. Op dy spandoeken, twa dus, yn elk gefal, neffens de Ljouwerter, stie 'LEAVER DEA AS SLAEF'. It barde op 'e moarn dat de rjochtsaak begûn tsjin de 34 minsken dy't fertocht wurde fan it blokkearjen fan in grutte dyk.

Foto: Omrop Fryslân

Grutte wurden. Se steane op in grutte stien by Warns. Dy stien is dêr sa'n santich jier lyn dellein, as betinkplak foar de slach by Warns, dy't einliks de slach by Starum wie, mar hawar. Dy slach wie net santich jier lyn, bygelyks, yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Nee, dy wie healwei de 14e iuw. It is dochs nijsgjirrich wêrom't net allinnich dy stien dêr kommen is, mar ek noch in jierlikse betinking.

Okee, koart efkes dy slach, foar it histoarysk besef: Fryslân like doe net op it Fryslân fan no. It wie in gebiet fan de hiele kop fan Noard-Nederlân oant sa'n bytsje Denemarken. It hat feitlik neat te krijen mei it Fryslân fan no; de flagge wie der noch net iens. Mar yn 1345 hie graaf Willem IV van Holland it plan betocht dat er Fryslân der wol by ha woe, want: macht en jild. Hy skopte wat manskippen yn in boat by Enkhuizen en fear op Starum ôf. Net Warns. Mar hawar, it waard in militêr gepruts fan neat, en de Friezen wûnen. Net sa sear troch taktyske briljantsy of oppermacht fan 'e Friezen, mar mear troch it gebrek dêroan by de Hollanners.

It duorre al mei al ek mar 150 jier, en doe krigen de Hollanners de Friezen der dochs ûnder. Dy hiele brot wie al lang ferjitten west, as se yn 1945 net it lumineuze plan opfetten hiene om wer in jierlikse betinking te hâlden. Yn 1945 kaam Fryslân ûnder in oar jok wei, nammentlik fan Nazi-Dútslân, wat op himsels wol in reedlik ymposant barren wie, mar nee, der moast betocht wurde hoe't de Hollanners ferslein waarden, 600 jier dêrfoar.

Allemachtich, wat moast in soad slagen om 'e earm ha by sa'n slogan 'leaver dea as slaef'. Ik bedoel: it is net krekt oft de Friezen harren dêr no fierder sa oan hâlden hawwe. Ik tink soms wolris dat it benammen in 'rite de passage' is: ast dit sûnder setfouten skriuwe kinst, ea, ea, ae, dan moatst wol in oprjochte Fries wêze, wat dat fierder ek betsjutte mei. Al wie it mar om't slaaf net mei ae skreaun wurdt.

Mar hawar, ja, ik snap it wol: nea bûge foar in wrede machthawwer, okee. Dêr kinst allinnich mar sympaty foar hawwe. Myn gedachten geane dan nei Nazi-Dútslân, nei IS, nei apartheid, nei de segregaasje yn de VS: Nelson Mandela, Malcolm X, Martin Luther King. Geweldige striid is levere troch dappere manlju en froulju om dêr ûnderút te kommen. Noch altyd binne we net frij fan de gefolgen fan diskriminaasje op grûn fan ras, sa't wy sa no en dan sels hearre meie út 'e mûle fan de presidint fan de VS.

De grutte stien fan Warns wurdt te plak hâlden troch lytse stiennen. En net troch dy nuvere wurden, dy't no brûkt wurde troch harren dy't mei triljende knibbeltsjes foar de rjochtbank steane te stammerjen dat se it net sa bedoeld hiene. Ik soe net tefolle bouwe op stientsjes dy't eangst en minachting foar Vrouwe Justitia kombinearje.

Och wat hat de film Twelve Years a Slave in yndruk op my makke, in op wierheid besearre ferhaal oer slaven en de dea. Swarte minsken, in minderheid, ûnderdrukt, ta slaaf makke en noch altyd hawwe harren neikommelingen lêst fan foaroardielen, diskriminaasje en rasisme. Net om't se dêr om frege ha, mar om't wite minsken miene dat se it harren permittearje kinne om de wil en gefoelens fan swarte minsken te negearen. Kinne wy in grutte stien wêze as wy de lytsen net lizzen sjogge? Histoarysk besef: der foeren aardich wat Friezen mei by de VOC, en net as slaaf fan de Hollanners. In grutte skiednis. We wiene der net by, dus it is net fan de Friezen fan no, fansels, útsein as wy dat der sels bij slepe.

Dus der ha twa minsken dwaande west om in wyt lekken te beskilderjen mei swarte letters, it tsjinoerstelde fan de kleur fan letters op de stien by Warns. En dat ha se boppe de grutte dyk hongen. De stien by Warns wankelet. Syn slogan, dochs al dubieus, ferdizenet noch fierder, at er ynset wurdt om martelers te meitsjen fan harren dy't net echt oan dy kant fan it ferhaal stean.

De Toan fan Botte Jellema

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)