Mear omtinken foar otters dy't fersûpe

Yn Earnewâld organisearret stichting Vrienden van de Otter tegearre mei de Fryske Binnenfiskers in spesjale kuier ûnder de titel 'Laat de otter niet stikken.' Dizze otterkuier is op snein 28 oktober. It is in crowdfundaksje dy't 30.000 oant 40.000 euro opsmite moat. It jild wurdt brûkt om foar te kommen dat otters yn fûken fan fiskers fersûpe.
It affysje foar de kuier. © Vrienden van de Otter&Fryske Fiskers
Otters binne fiskiters en yn fûken sit fisk. Mar oars as fisken moatte otters wer nei boppen ta om te sykheljen en dat kin net at sy yn in fûke sitte. Dat bart in soad, mar it is foar te kommen troch maatregels te nimmen wêrtroch't otters net yn de fûke komme kinne en fisken wol.
Om ûndersyk te dwaan nei de effektiviteit fan dizze maatregels is jild nedich. De kuier wurdt stipe troch in grut tal organisaasjes en bedriuwen yn en op It Wiid by Earnewâld.
In otter © Shutterstock.com

Unike gearwurking

Neffens Addy de Jongh fan Stichting Vrienden van de otter giet it om in unike gearwurking mei de Fryske Binnenfiskers. "Dit zijn twee groepen die normaal tegenover elkaar zouden staan, maar die nu proberen dit samen op te lossen."
De Jongh ropt minsken dan ek op om mei te dwaan. Opjaan kin fia de webside fan de Vrienden van de otter. Dielnimmers wurde frege om sponsors te sykjen. "Ook mensen die niet mee kunnen wandelen, mogen op de website een bijdrage leveren om ervoor te zorgen dat otters niet meer verdrinken in een fuik."
Addy de Jongh fan Vrienden van de otter