Sven Kramer wurdt heit fan in famke

11 okt 2018 - 06:23

Sven Kramer en Naomi van As wurde heit en mem fan in famke. Dat makke it stel tongersdei bekend op Instagram. Under in foto fan it lokkige steltsje stiet it wurd 'Girl' en #minime en #minihim.

Foto: ANP Foto

It is lykwols noch efkes wachtsjen oant de poppe der is. Wannear't Naomi krekt útrekkene is, is net bekend. Yn april dit jier makken Naomi en Sven bekend dat se heit en mem wurde.

Foto: Instagram Naomi van As
Trefwurden: 
Sven Kramer Naomi van As
(advertinsje)
(advertinsje)