Ynwenners Dronryp fersette har tsjin nije brêge

10 okt 2018 - 23:06

In spesjale gearkomste yn Dronryp moast de ynwenners fan it doarp dúdliker meitsje hokker nije brêge der no eins yn it doarp komt. De brêge dy't de provinsje bouwe wol, is neffens in wurkgroep folle minder feilich as tasein is.

It kaartsje dat de wurkgroep ferspraat hat ûnder de Rypsters - Foto: de wurkgroep

De sifers soene net klopje mei it byld dat sketst wurdt oer de nije brêge. De wurkgroep hat sels ek berekkeningen dien en dy ûndersykje litten troch in ûnôfhinklik bedriuw. Dêrút kaam ûnder oare dat de brêge hast in meter heger wurde sil.

De âlde wie 5,5 meter heech, de nije wurdt neffens de berekkeningen 6,4 meter. Ek wurdt de ferkearssituaasje foar fytsers ûnfeiliger, om't sy dan by de auto's op de dyk komme.

Neffens de provinsje wurdt de nije brêge wol feilich. Yn in brief oan riedsleden fan de gemeente Waadhoeke fertelle sy:

Let wel: het doel van de visualisaties is een goede indruk te geven van de nieuwe brug in zijn omgeving. Dit is geen exacte wetenschap: er worden referentiepunten in de foto en het 3D model gezocht om dit zo nauwkeurig mogelijk te doen. Visualisaties zijn bedoeld om een impressie te geven, niet ter controle van de maatvoering. Daar zijn de technische tekeningen voor.

In soad kin de wurkgroep no ek net mear dwaan. Se besykje noch nei de rjochter te stappen en hawwe de oanwêzigen by de gearkomste frege harren hantekening te setten. De fraach is oft it noch wat úthelje sil.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma wie oanwêzich by de gearkomste

De âlde brêge by Dronryp - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
Trefwurden: 
brêge Dronryp
(advertinsje)