Undersyk nei ferplichte grypprik: "Echte influenza is geen kattenpis"

10 okt 2018 - 22:51

Der komt in ûndersyk nei it ferplicht stellen fan de jierlikse grypprik foar minsken dy't yn de soarch wurkje. Staatssekretaris Paul Blokhuis fan Folkssûnens komt sa temjitte oan de winsk fan saakkundigen.

Foto: ANP

Annemarie van Elsacker, mikrobiolooch by it Ljouwerter laboratoarium foar ynfeksjesykten Izore

Hieltyd minder minsken wolle de grypprik ha. Dat docht bliken út ûndersyk fan sûnensynstitút Nivel. Noch mar 50 persint fan de minsken mei in heech risiko op komplikaasjes hat ferline jier de grypprik helle. Tsien jier lyn wie dat noch 72 persint.

"Geen kattenpis"

Annemarie van Elsacker is mikrobiolooch by it Ljouwerter laboratoarium foar ynfeksjesykten Izore en fynt it in soarchlike ûntwikkeling. "Ik snap het ook niet heel erg goed. Er zijn jaren dat het griepvaccin niet optimaal beschermd, dat is zeker een ding, maar echte influenza is geen kattenpis voor mensen met hart- of longziekten of nieraandoeningen. Ik snap niet dat die mensen deze vorm van bescherming niet willen."

Trefwurden: 
soarch grypprik influenza
(Advertinsje)
(Advertinsje)