Turkije net yn aksje op Europeesk kampioenskip kuorbal yn Fryslân

10 okt 2018 - 22:51

De Turkske kuorballers sille fan 13 oant 'e mei 21 oktober net dielnimme oan it EK yn Fryslân. Dat hat de ynternasjonale kuorbalfederaasje woansdei bekend makke.

Foto: ANP

It Turkske team, de nûmer fyftjin fan 'e wrâld, hat him weromlutsen fanwegen ynterne saken by de federaasje.

Spitich

Foarsitter Rob Meijer fan de KNKV fynt it spitich dat it lân net meidocht. "Als gastheer betreuren we het dat Turkije er niet bij zal zijn. Dit is echt een tegenvaller."

EK yn Fryslân

It EK yn Fryslân set sneon yn Drachten en op De Gordyk útein. De finale wurdt op snein 21 oktober spile op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Fryslân kuorbal EK Turkije
(advertinsje)