Aris ferliest noardlike derby mei romme sifers fan Donar
De basketballers fan Aris hawwe woansdeitejûn de noardlike derby tsjin Donar út Grins ferlern. Yn eigen hús wie Donar mei 91-57 te sterk foar de Ljouwerters.
Nei it earste kwart stie it 25-17 yn it foardiel fan de Grinzer basketballers. Ek yn de perioade nei it skoft ta bleau Donar de bettere ploech. By rêst stie Aris mei 47-29 rom efter. Dêrnei wie de wedstriid eins al spile en makke Donar dien wurk.
Folgjende wedstriid: Amsterdam
De Ljouwerter basketballers hawwe net in soad tiid om harren te werpakken. Takom sneon stiet de thúswedstriid tsjin Amsterdam op it programma.