IepenUP: Tiid is ryp foar fakmanskip en ambachten

10 okt 2018 - 22:25

De tiid is no ryp foar lytsskalige ûndernimmers mei duorsume produkten. Neffens Aleid Brouwer lektor Doelgericht Ondernemen oan de NHL yn Ljouwert hat de konsumint hieltyd mear syn nocht fan de plestik massaproduksje en is ree om mear te beteljen foar earlike produkten. Dy macht fan de konsumint jout de lytsskalige produsinten romte om no har produkt yn de merk te setten.

IepenUP Live stie woansdeitejûn yn it teken fan it ambacht. Dit nei oanrin fan it ynternasjonale kongres Craft your Future dat yn 't ramt fan LF2018 dit jier yn Ljouwert holden waard. Oerdeis waard benammen praat oer duorsumens en hoe't fakmanskip en ambacht middels wêze kinne om massaprodukje tsjin te gean.

Foto: Omrop Fryslân

By IepenUP Live koene de kongresgongers en oare belangstellenden oan de hân fan ferskate demonstraasjes sels sjen en ûnderfine wat oarspronklik fakmanskip krekt ynhâldt.

Net allinne reidflechters en touslagger Pieter Swart toanden it publyk harren keunsten, Elbrich Schoorstra út Ljouwert liet sjen dat ek tatoeëarjen eins in âld ambacht is dat in soad fakmanskip easket.

Foto: IepenUP

Craft your Future/Dwarskijkers waard organisearre troch kultuerynstitút Keunstwurk, House of Design, Friesland College en mienskipsinisjatyf De Reis.

Nije wike stiet de klassike muzyk sintraal by IepenUP Live mei optredens fan ûnder oaren akkordeonist Oleg Lysenko út Oekraïne en harpiste Ekaterina Levental út Oezbekistan.

(advertinsje)