Stipe foar foarstellen Van de Nadort oer ferbod op gebrûk mikroplestik

10 okt 2018 - 21:40

It Europees Comité van de Regio's, in wichtich advysorgaan fan de Europeeske Kommisje, stipet de foarstellen fan boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf oer it ferbieden fan mikroplestik yn fersoargingsprodukten. Dat hat woansdei bliken dien nei in koarte presintaasje dy't de boargemaster holden hat, yn syn rol as rapporteur foar it komitee.

Boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf - Foto: Eigen foto

Boargemaster André van de Nadort oer syn presintaasje oer mikroplestik

Van de Nadort is wiis mei de stipe foar it rapport, sa sei hy nei de stimming. "Het is toch wel fijn als het goed lukt." Hy krige fiif minuten sprektiid by it Komitee fan de regio's. Yn Brussel jildt dat as frij lang. Yn syn sprektiid hat er in stikmannich punten ûnderstreke: minder plestik, minder soarten plestik en bettere recycling. It rapport is unanym oannommen troch it komitee.

(advertinsje)
(advertinsje)