"Konvenant oer it Nedersaksysk is in begjin"

10 okt 2018 - 20:58

It konvenant oer it Nedersaksysk tusken it ryk, de provinsjes Grinslân, Drinte, Fryslân, Oerisel en Gelderlân en de gemeenten East- en Weststellingwerf moat foaral sjoen wurde as in begjin. Dat seit deputearre Sietske Poepjes, dy't ûndertekene út namme fan de provinsje Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Stellingwerver skriuwer Johan Veenstra oer it konvenant

Grutte ôfwêzige by de ûndertekening wie minister Kajsa Ollongren fan Ynlânske Saken, fanwegen sykte. Sy liet har ferfange troch har heechste amtner.

Tsien jier ûnderhannele

Oer it konvenant is mear as tsien jier ûnderhannele troch it ryk, de fiif provinsjes en de federaasje fan Nedersaksyske Streektaalorganisaasjes SONT.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

SONT stribbe yn earste ynstânsje nei in lykweardige status foar it Nedersaksysk oan it Frysk, mar dat wie foar it Ryk ûnbesprekber. It Ryk fûn it wol tiid foar erkenning fan it Nedersaksysk as folweardige taal yn Nederlân.

Gjin ôfspraken oer finansjele stipe

Yn it konvenant binne gjin ôfspraken makke oer finansjele stipe foar it Nedersaksysk. Dy ferantwurdlikheid leit neffens it Ryk yn it foarste plak by de provinsjes. Dy sille dêr ein dizze moanne fierder oer prate. De ûndertekening fan it konvenant yn it provinsjehûs fan Oerisel hie in feestlik karakter mei Nedersaksyske muzyk fan Marlene Bakker en Melissa Meeuwisse en mei in hapke en in drankje neidetiid.

Ferskate sprekkers joegen oan dat it ek de heechste tiid wie foar erkenning, omdat hieltiid minder jongeren de streektaal prate. SONT-foarsitter Hans Gerritsen die dêrom in oprop oan de Nedersaksen om op te hâlden mei it praten fan Nederlânsk tsjin de bern. Gerritsen die dy opop yn it Nederlânsk, want hy hat de streektaal ta syn eigen spyt thús ek net meikrigen.

Professor Goffe Jensma oer de taaloerdracht by de Nedersaksen

Sietske Poepjes en taalaktivist Martin ter Denge oer it konvenant Nedersaksysk

(advertinsje)