Muzykteäter 'De Wylde Boerinne': wier bard boeredrama op plak delikt

10 okt 2018 - 20:52

Frou Broersma en boer Lammers, beide bouboeren yn Drylts kinne yn de 19e iuw de grutste bouboeren fan de Greidhoeke wurde. Sy widdo, hy frijman. Mar as sy syn houliksoansyk brút ôfwiist, kin hy dat net ferneare en set alles op alles om har it libben ûndraachlik te meitsjen. It lokaasjeteäterstik 'de Wylde Boerinne' giet tongersdei 11 oktober yn Drylts yn premjêre. De measte kaarten binne al ferkocht, de organisaasje hat dêrom twa ekstra foarstellingen organisearre.

Troch: Froukje Sijtsma

"De Wylde Boerinne fan Drylts hat echt bestien", fertelt regisseur Ypy Zysling, dy't as famke opgroeide yn it stedsje. Yn 1915 tekene skriuwer Teatse Eeltsje Holtrop (1865-1925) it ferhaal oer it wier barde boeredrama op, yn it Frysk. It wurdt beskôge as syn bêste wurk.

Pas doe't it yn 1921 oerset waard nei it Nederlânsk en de novelle de Nederlânske priis foar bêste proaza krige, hie Fryslân yn 'e rekken dat it ferhaal fan de wylde boerinne bysûnder is. Spesjaal yn it ramt fan IJlst750 en LF2018 bringt Muziektheater IJlst dit jier de foarstelling 'De Wylde Boerinne' op 'e planken.

Regisseur Ypy Zysling jout de akteurs tips - Foto: Omrop Fryslân

Wier bard

"Myn freondinne groeide op dizze pleats op, op it plak dêr't 'de Wylde Boerinne' opfierd wurde sil. Wy kinne wol stelle dat dit it plak delikt is dêr't it hiele drama tusken dizze twa boerefamyljes him ôfspile hat."

De Wylde Boerinne wie net altyd wyld. "Eins wie frou Broersma in hiele lokkige frou. Se trout mei de leafde fan har libben en mei him krijt se ek twa bern. Ta grut fertriet fan har buorman Lammers, dy't altyd wol in eachje op har hân hat.

De Wylde Boerinne yn har lokkige jierren - Foto: Omrop Fryslân

"Op in dei ferstjert de man fan frou Broersma troch in slim ûngelok yn it lân." En dat fynt Lammers, spile troch akteur Thijs Meester, net slim. "Dat is fansels dé kâns om frou Broersma, nei har rouperioade, om har hân te freegjen. Sa kinne se mei har beiden de grutste bouboeren fan de Greidhoeke wurde."

Boer Broersma krijt in ûngelok en stjert - Foto: Omrop Fryslân

Brute ofwizing

De jonge frou Broersma, dy't spile wurdt troch aktrise Renske de Boer, wiist it oansyk fan Lammers ôf. It idee om de grutste boer fan de omkriten te wurden, laket har oan. Mar it idee om yn ien hûs libje te moatten mei dat lytse, boggelige mantsje. Dêr moat se net oan tinke.

"En dat kin boer Lammers net ferdrage", giet Zysling fierder. "Hy set alles yn it wurk om it libben fan syn buorfrou ûnmooglik te meitsjen. Hy lit de sleatten ûnderrinne, fermoardet har lytsfee en se mei net mear oer syn lân, of se moat alle moannen jild betelje om rjocht fan paad te krijen." Dat wie yn dy tiid, foar de ruilferkaveling, hiel gewoan dat je oer inoars lân moasten om thús te kommen.

Foar aktrise Renske de Boer is de rol bysûnder om te spyljen. "Ik spylje de boerinne yn har jonge jierren, dan is se noch fleurich. Dy omslach nei har útbarstingen en lilkens is wol hiel spannend, mar ek hiel leuk om te spyljen. Je krûpe dan in bytsje yn har holle fan har gekte."

Boer Lammers freget om de hân fan boerinne Broersma - Foto: Omrop Fryslân

It paad oer it lân fan Lammers, is it iennichste paad om thús te kommen. Har bern moatte oer it wetter nei skoalle, want frou Broersma tinkt der net oer om jild oan har buorman te beteljen. "Op in dei beslút boerinne Broersma dat se sels de grutste boer fan de omjouwing wurde wol. Se slút harsels tritich jier op en docht neat oars as wurkje, hurd wurkje. Se ferwaarleazget har bern, har fee, harsels."

Zysling sjocht wol oerienkomsten mei de hjoeddeistige tiid. "Ek hjoed-de-dei binne we dwaande mei grut, grutter, grutst. It giet net mear om de kwaliteit fan it libben en fan de grûn, mar om it hawwen fan safolle mooglik lân en in sa heech mooglike produktiviteit."

Regisseur Ypy Zysling jout oanwizingen - Foto: Omrop Fryslân

Mei frou Broersma en boer Lammers komt it net mear goed. Harren striid kin allinich mar ta in ein komme as de dea om de hoeke sjen komt. Mei de kaartferkeap fan dizze foarstelling giet it folle better.

De kaarten fan de measte foarstellingen binne al útferkocht en dêrom komme der twa ekstra foarstellingen by. Kaarten binne online te bestellen.

(advertinsje)
(advertinsje)