Ekstra riedsgearkomste yn Harns oer situaasje by de REC

10 okt 2018 - 20:28

De gemeente Harns hat takom moandei in ekstra riedsgearkomste yn it libben roppen om te praten oer de situaasje by de REC. Oanlieding binne de steuringen by de ôffaloven. Dy waard it ôfrûne wykein noch stillein troch in brutsen stoomlieding, dy't foar in soad stank yn Harns en omjouwing soarge.

De yngong fan de REC - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Njonken dat is de gemeente sa goed as klear mei de syktocht nei in buro dat ûndersykje kin wat de gefolgen binne, as de ôffaloven yn de stêd sletten wurde soe. Nei alle gedachten wurdt de opdracht foar it ûndersyk binnen in pear dagen definityf jûn, sa skriuwt de gemeente Harns.

Unanime moasje

De opdracht is in gefolch fan in moasje yn de gemeenteried, dy't yn july unanym oannommen waard. Dêryn waard it kolleezje fan boargemaster en wethâlders oproppen om út sykjen wat de konsekwinsjes binne as de oven sletten wurde moat.

(advertinsje)