Opknapbeurt fan 5 miljoen euro úteinset by hierhuzen yn Eaststellingwerf

10 okt 2018 - 20:25

Yn Eaststellingwerf is úteinset mei in grutte opknapbeurt fan de hierhuzen fan WoonFriesland. De earste 66 hierhuzen dy't oanpakt wurde steane yn Easterwâlde en Appelskea. Letter dit jier en begjin takom jier folgje Haulerwyk, Bakkefean en noch in pear oare strjitten yn Easterwâlde. Mei-inoar wurde 144 huzen enerzjysunich makke.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de huzen wurdt HR++ glês oanbrocht en der komme sinnepanielen op it dak. Fierders wurde de keukens, de badkeamers en de húskes oanpakt. De opknapbeurt fan de hierhuzen yn Eaststellingwerf kostet sa'n 5 miljoen euro.

(advertinsje)