Hein de Haan foardroegen as opfolger wethâlder Henk Deinum yn Ljouwert

10 okt 2018 - 20:10

De PvdA-fraksje fan Ljouwert wol Hein de Haan as opfolger fan wethâlder Henk Deinum. Deinum nimt begjin 2019 ôfskied as wethâlder Wenjen en Romtlike Oardening. Neffens de fraksje slút de oplieding en wurkûnderfining fan De Haan goed oan op de takomstige portefúlje.

Hein de Haan - Foto: PvdA Ljouwert

De Haan hat in soad ûnderfining as riedslid. Hy hat nocht oan dizze nije útdaging. "Het is een heel mooie portefeuille die me ook goed past. Als wethouder kun je nog meer betekenen dan als raadslid. Ik wil meewerken aan het mooier maken van de stad en zorgen dat iedereen een goed thuis heeft."

Sosjale wenningbou

Hy sil him as wethâlder ynsette op fersterking fan de sosjale wenningbou yn Ljouwert. "Je merkt dat we meerdere opgaven hebben, in de stad en in de dorpen. Daar moeten we als gemeente een tandje bijzetten." Hy wol noch net yngean op hoe't er dat dwaan wol. "Ik wil nog niet te veel inhoudelijk over deze onderwerpen praten, omdat Henk Deinum nu nog de wethouder is."

Hein de Haan

(advertinsje)
(advertinsje)