LIVE: IepenUp oer fakmanskip
Hoe âlderwetsk binne ambachten en wat kinne we derfan leare? Trije sprekkers sille it der oer ha yn de útstjoering fan IepenUP Live.
FIDEO LIVE: IepenUp oer fakmanskip
De gasten fan dizze útstjoering binne:
- Ana Mestre út Portugal. Se is product designer en hat nei har stúdzje oan de TU Delft in stimulâns jûn oan de Portugeeske koarkyndustry. Dy yndustry stiet ûnder druk troch de komst fan plastic koarken.
- Eileen Blackmore is keunstner en de oprjochter fan House of Design. Sy organisearre projekten oer duorsumens en maatskiplike fraachstikken.
- Aleid Brouwer, lektor Doelgericht Ondernemen oan de NHL Stenden Hogeschool yn Ljouwert. Sy rjochtet har op ûndersyk nei fernijende bedriuwsmodellen.
IepenUP
Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

LF 2018
Omrop Fryslân jout rom omtinken oan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Alles wurdt sammele op Omropfryslan.nl/2018.
De Kulturele Haadstêd-produksjes binne mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.