Gemeente Harns wol gau ûndersyk nei eventuele gefolgen sluting REC

De gemeente Harns is sa goed as klear mei de syktocht nei in buro dat ûndersykje kin wat de gefolgen binne, as de ôffaloven yn de stêd sletten wurde soe. Dat lit de gemeente woansdei witte yn in parseberjocht. Nei alle gedachten wurdt de opdracht foar it ûndersyk binnen in pear dagen definityf jûn, sa skriuwt de gemeente Harns.
De ôffaloven yn Harns © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De opdracht is in gefolch fan in moasje yn de gemeenteried, dy't yn july unanym oannommen waard. Dêryn waard it kolleezje fan B&W oproppen om út sykjen wat de konsekwinsjes binne, as de oven sletten wurde moat.
De oanlieding foar de moasje wie de steuring yn de oven, dy't plakfûn op 28 maaie. Sneon wie der opnij in steuring, yn de tsjettel fan de oven. Dat soarge foar stankoerlêst yn de gemeente. Doe binne der by de gemeente opnij in protte meldingen binnenkommen.