Kolleezje Súdwest-Fryslân net akkoart mei komst rekreaasjewenten Warkum

10 okt 2018 - 17:28

De plannen fan WJH Yachtservice om oan 'e râne fan Warkum tichteby it spoar sechtjin boathuzen mei rekreaasjewenten derboppe te bouwen, gean foarearst net troch. De gemeente Súdwest-Fryslân stie earst posityf tsjin de plannen oer, mar boargemaster en wethâlders wolle der no net mear oan meiwurkje.

It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Omdat it yn in yndustrygebiet is, soe de komst fan de wenten oare bedriuwen yn it paad sitte kinne wannear't dy wat ekstra lûd produsearje. Boppedat rinne der hegedruk ierdgasliedingen troch it gebiet en dat smyt te grutte risiko's op, sa is de ynskatting. It bedriuw WJH Yachtservice wol net reagearje op it beslút.

(advertinsje)