FIDEO: Alles wat je witte moatte oer it EK kuorbal

10 okt 2018 - 17:24

Fryslân is fan sneon 13 oant en mei snein 21 oktober it dekôr fan it Europeesk kampioenskip kuorbal. It EK wurdt yn ús provinsje hâlden, omdat it yn 2018 hûndert jier lyn is dat kuorbal yn Fryslân yntrodusearre waard. De wedstriden wurde spile yn Sportsintrum Kortezwaag op De Gordyk, de Snij Noordhal yn Drachten, Sporthal Kealledykje yn Ljouwert en Sportstad Hearrenfean.

Oranje hat twa spilers mei in Fryske link. De Gordykster Erwin Zwart fan LDODK, dy't yn 2014 en 2016 ek al Europeesk kampioen waard, en LDODK-spylster Marjolein Kroon hearre ta de tolvekoppige seleksje fan bûnscoach Wim Scholtmeijer.

De rûte nei de finale sjocht der foar Team NL as folget út:

  • op sneon 13 oktober spilet Nederlân yn de pûlfaze om 20.00 oere op De Gordyk tsjin Kataloanië
  • snein 14 oktober wer op De Gordyk tsjin Ingelân en de lêste groepswedstriid
  • op moandei 15 oktober yn Drachten tsjin Poalen
  • de kwartfinale is op woansdei 17 oktober yn Ljouwert
  • de heale finale (freed 19 oktober) en de finale (snein 21 oktober) wurde spile by Sportstêd Hearrenfean

It is de sânde kear dat it Europeesk kampioenskip organisearre wurdt. De ôfrûne seis kear wie Nederlân de sterkste. Fiif kear wie België de oare finalist, allinnich yn 2002 slagge it Tsjechië om de finale te berikken.

Groepsyndieling

De bêste 16 lannen fan Europa hawwe harren kwalifisearre. Frankryk is der dit jier foar it earst by.

Groep A

  • Nederlân
  • Kataloanië
  • Poalen
  • Ingelân

Groep B

  • Portugal
  • Tsjechië
  • Dútslân
  • België

Groep C

  • Frankryk
  • Ierlân
  • Slowakije
  • Turkije

Groep D

  • Wales
  • Servië
  • Skotlân
  • Hongarije
(advertinsje)