Wurkstraf foar Dokkumer foar oerfal op wenning eks-freondinne

In 23-jierrige Dokkumer en in 27-jierrige freon út Lisserbroek binne troch de rjochtbank feroardiele ta in wurkstraf fan 200 oeren. It duo foel op Falentynsdei de wenning fan de eks-freondinne fan de Dokkumer binnen.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Se fernielden de foardoar fan de wenning oan de Stegengawei yn Easterwâlde. Dêrnei mishannelen se de frou en sleepten in eks-freon fan de frou, dy't op besite wie, nei bûten. Se namen ek in iPhone en iPad fan de frou mei. Neffens de Dokkumer wiene dat kado's fan him en hie hy der rjocht op it guod mei te nimmen.
De rjochter hâldt by syn útspraak rekken mei it feit dat beide dieders in ferstanlike beheining en ADHD ha. Neist de wurkstraf is it duo in selstraf fan 90 dagen ûnder betingst oplein. Boppedat komme se ûnder tafersjoch fan de reklassearring te stean en moatte se de slachtoffers skeafergoedingen fan 525 en 600 euro betelje.