Is de troujurk fan Anke mei de post oankommen?

Hat Anke Dijkstra har breidsjurk al binnenkrigen foar de grutte dei freed? Lêsten hie Femke yn har programma kontakt mei de Fryske Anke. Har yn Australië bestelde jurk wie kwyt by PostNL. Nei in hiel soad wurk fan allegear partijen is it safier: dizze dei soe it pakket oankomme moatte. Mar sjen is leauwe, dus is de jurk ek echt oankaam?
Breidsjurk © Pxhere
"Ja! Ik ha goed nijs! En ik bin der hiel bliid mei!" Anke hat de jurk woansdei yndie krigen. "Ik ha de jurk in healoere lyn ophelle op it postkantoar. Dêr hie ik hjoed al in pear kear west, dus dy minsken dêr wisten der ek al fan."

En dan it folgjende spannende momint: past de jurk?

"Mei it hert yn de kiel gie ik nei hûs om de jurk te passen, en ja, hy past hiel goed." It hat de muoite fan it bestellen wol wurdich west. Se is no klear foar de grutte dei. "Ik soe net witte wat der no noch misgean kin foar freed."
Fansels kin se de jurk no noch net sjen litte, mar Anke sil freed in foto stjoere.
Anke Dijkstra komt oarspronklik fan Stiens, mar wennet no yn Amsterdam. Se hie de jurk online besteld út Australië en dy wie begjin septimber al oankommen en frijjûn troch de dûane. Doe't der mar gjin pakket kaam, belle se mei PostNL en dy wist net wêr't it pakket wie.