FIDEO: Hynder fol plestik oerfalt Ljouwert

10 okt 2018 - 16:33

It Fryske hynder fan Troje hat Ljouwert oerfallen. Yn it hynder sitte gjin minsken, mar wol plestik. It giet om in inisjatyf fan The Green Alert. Mei help fan studinten fan de hege en middelbere skoallen yn Ljouwert is it de ôfrûne wiken opboud. It doel is om de jongerein dúdlik te meitsjen dat je ek op in oare wize mei plestik omgean kinne.

It probleem wurdt hieltyd grutter en it miljeu rekket hieltyd mear fersmoarge mei plestik. It hynder, The Frisian Trojan Horse, is dêr in symboal fan. It plestik is de fijân dy't we sa, sûnder nei te tinken hast, mei nei binnen nimme.

Trefwurden: 
plestik Soil food Green Alert
(advertinsje)