Bou Wrâlderfgoedsintrum Lauwerseach útsteld, beswieren tsjin hichte
De bou fan it nije Wrâlderfgoedsintrum by Lauwerseach is foarearst útsteld. Dat hawwe de gemeente De Marne en de Stichting Werelderfgoedcentrum Waddenzee bekend makke. Der binne tefolle beswieren tsjin it ûntwerp fan it gebou, dat yn 'e haven fan Lauwerseach komme moat.
Natuerorganisaasjes falle benammen oer de hichte fan it gebou, dat goed tritich meter heech wurde moat. De organisaasjes hiene inkelde moannen lyn al beswier makke.
It bestimmingsplan wurdt no foarearst net fêststeld.
Seehûneopfang, restaurant en hotel
It nije Wrâlderfgoedsintrum by Lauwerseach moat plak biede oan in seehûneopfang, in restaurant en in hotel.