Friezen mei hege oplieding fergrieme mear iten

Minsken mei in hege oplieding smite folle faker iten fuort, as minsken mei in lege oplieding. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau.
Soerkoal stamppot © Shutterstock.com
Fan de minsken mei in lege oplieding jout 18 persint oan dat sy op syn minst ien kear yn de wike iten fuortgoaie, by minsken mei in hege oplieding is dat mei 43 persint mear as twa kear sa heech.
It Fries Sociaal Planbureau hat goed 1.800 minsken ûnderfrege oer it belang fan it duorsum produsearjen fan iten. Dan docht bliken dat Friezen fral nei in karmerk foar duorsumens sjogge by it keapjen fan fleis en aaien.
Ko yn de greide © Shutterstock.com

Grutsk op boeren

Ynwenners fan Fryslân binne neffens it FSP posityf oer de boeren en fine dat boerebedriuwen in ûnderdiel binne fan de Fryske mienskip en de Fryske identiteit. In grutte mearderheid fynt dat boeren wichtich binne foar de Nederlânske ekonomy, twatreddepart jout oan grutsk te wêzen op boeren.
Wynturbine © Shutterstock.com

Lânskip

It Fryske lânskip krijt as rapportsifer in 7,7, mar hast in treddepart fynt wol dat de kwaliteit fan it lânskip efterút giet. Sy sjogge ûnderoaren in tebekrin fan it oantal soarten greidefûgels, blommen en in ientoaniger lânskip. Ek megastâlen en wynturbines kinne rekkenje op in soad argewaasje.