Wêr is Lucky? Kat naait út nei operaasje yn Drachten
Lucky is freed 14 septimber suksesfol operearre oan de rjochterachterpoat. In dei letter wie de kat lykwols poater, ûntsnapt út it hok yn de praktyk fan it bistesikehûs yn Drachten. Wêr is Lucky?
"Dit is nog nooit voorgekomen," fertelt bistedokter Roos Nolting. "'s Ochtends bij de ronde zat hij nog enthousiast en braaf in zijn kooitje, maar drie kwartier later belde een collega om te vragen waar Lucky was. Bleek dat ie spoorloos was. Hoe die dat voor elkaar heeft gekregen... In een moment van onoplettendheid is hij waarschijnlijk de wijde wereld ingetrokken. Hij kan toch iets te goed lopen, ook al is hij net geopereerd."
De meiwurkers ha fan alles besocht lykas fangkoaien en talkpoeier op de grûn struie om te sjen oft er der omrint. "We hebben het alarm erop gezet, maar dat ging ook niet af." Se ha flyers ophongen en advertinsjes yn de krante pleatst. Dat hat allegear neat opsmiten.
De eigeners meitsje har bot soargen en ek de meiwurkers. "We hopen dat Lucky zo snel mogelijk terugkomt."
Lucky is in swart-wite boarre, mear swart as wyt. Foar de operaasje is de rjochterachterpoat skeard, dus dat moat noch te sjen wêze.
Minsken dy't Lucky sjoen ha, kinne kontakt opnimme mei Dierenziekenhuis Drachten (0512-513627).