Seewier is de fleisferfanger fan de takomst

Seewier as pasta, seewier yn koekjes of gehakbaltsjes. Seewier is ít alternatyf foar fleis. By de hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert wurdt der mei eksperimintearre. De hegeskoalle docht it plankton- en seewiereksperimint mei skoallen yn Ierlân en Frankryk. It wurdt subsidiearre troch it Erasmusprojekt.
Seewier is de fleisferfanger fan de takomst
It doel is dat seewier in gewoan ûnderdiel fan ús deistich iten wurdt. As fleisferfanger is it poergeskikt, want it hat deselde weardefolle stoffen: izer en aaiwyt. Mar it is folle miljeufreonliker om te produsearjen as fleis.
It is dizze woansdei de dei fan de duorsumheid, en dêrom waard dêr iten makke mei seewier. Yn de kantine fan de skoalle wie in lyts keukentsje en in restaurantsje makke.
'Gehakbaltsjes' mei seewier © Omrop Fryslân
Karen Bies wie by Van Hall