Grien ljocht foar minycamping yn Kollum nei ôfwizen beswieren

10 okt 2018 - 13:24

Bert van der Woude en Tjerkje van der Laan kinne oan de slach mei harren minycamping en rekreaasjewenning dy't se op it Blommeparadyske yn Kollum oanlizze wolle. De Ried fan Steat hat woansdei de beswieren fan harren buorman Gerard van Dekken ôfwiisd.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Van Dekken wol op syn eigen terrein tachtich rekreaasjewenten bouwe en is bang dat syn buorlju it sanitêrgebou en oare foarsjenningen tsjin syn terrein oan sette wolle. Neffens de rjochtbank is dat hielendal net wis.

De campinghâlders sille earst in omjouwingsfergunning oanfreegje moatte en dan wurdt tegearre mei de gemeente sjoen wêr't it gebou it bêste past. Troch de útspraak kin de minycamping mei fyftjin plakken takom jier iepen.

(advertinsje)