"Fryslân moat mear toeristen yn leechseizoen lûke"

De útkomst fan de nasjonale Toerisme Top yn Deventer is foarsisber; ha oandacht foar de groei fan it toerisme. De ferwachting is dat it toerisme yn 2030 ferdûbele is. "Dizze groei is in grutte kâns en dat moat stap foar stap mei gearhing goed ûntwikkele wurde", seit Martin Cnossen fan Merk Fryslân. Hy sit út namme fan Fryslân by de top.
"Fryslân moat mear toeristen yn leechseizoen lûke"
"Mear toeristen yn it leechseizoen"
Echte konkrete plannen binne der net makke. Der binne wol fiif prioriteiten foar toerisme beneamd. It plan dat de Toerisme Top lansearret, wol mear 'lusten' fan toerisme as 'lasten' en dat Nederlân oeral oantreklik wurdt foar toeristen. Stêden en streken moatte goed berikber wêze, in leefomjouwing mei minder fergriemen en fersmoarging en in gastfrij Nederlân.
Dêr kin yn Fryslân neffens Cnossen op ynset wurde troch toeristen oan te lûken dy't wurdearring ha foar natuer en kultuer en lokaal iten. "Fryslân hat dêr in soad mooglikheden foar. De kommende jierren moatte we Fryslân trochûntwikkelje".
In foarbyld dat Cnossen oanhellet, is Holwerd aan Zee. In goeie ympuls past by dat gebiet. "Dat betsjut gjin grutte bungalowparken, mar just de kwaliteiten fan it gebiet brûke." En dêr is neffens Cnossen wol romte foar. "De kulturele programmearring jout kânsen bûten it heechseizoen." Fan novimber oant april moatte der neffens Cnossen folle mear toeristen nei Fryslân lutsen wurde.
Om de plannen goed út te fieren, sil op lanlik, provinsjaal en gemeentlik nivo sawol mei de publike as private organisaasjes en bewenners gearwurke wurde moatte.
© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol