Skou en kastewand komme fan Paleis Het Loo nei Dokkum werom

10 okt 2018 - 13:19

Yn it stedhûs fan Dokkum wurdt hurd wurke oan de ynbou fan in 18de-iuwske skou en in kastewand. Dy binne ôfkomstich fan Paleis Het Loo yn Apeldoorn, dêr't drok ferboud wurdt. Oarspronklik binne de skou en kastewand ôfkomstich út Dokkum.

Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

De ûnderdielen komme út in hearehûs dat doetiidske boargemaster Johannes Fockema om 1760 hinne oan de Kleine Breedstraat bouwe litten hat. Yn 1879 kocht it Ryk dizze wenning om der in postkantoar fan te meitsjen.

De saneamde Rijksbouwmeester dy't by de ferbou fan it postkantoar belutsen wie, waard ek ynskeakele by de ferbou en útwreiding fan Paleis Het Loo. Hy fûn dat de skou en kastewand fan it postkantoar yn Dokkum goed brûkt wurde koenen by de ferbou fan Het Loo en sa ferhuzen dizze meubelstikken.

Op dit stuit wurdt Paleis Het Loo wer ferboud en no komme de skou en de kastewand dus wer werom nei Dokkum. Se wurde pleatst yn de kommisjekeamer yn it âlde stedhûs.

Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen

Hoe is it kontakt mei it paleis lein?

"Hans Zijlstra fan de histoaryske feriening tipte ús oer de meubelstikken yn it paleis en tafallich is de konservator dêr, Johan de Haan, in Fries," leit Gerard Mulder fan Monumintesoarch út. "Dus dat kontakt wie frij gau lein. De gemeente hat in brief skreaun en freonlik frege. Se wienen yn Apeldoorn wol wiis mei de fraach om't it guod oars yn it depot telâne komme soe."

"We moasten der earst wol in goed plakje foar fine. We binne hjir útkaam, it paste earst net hielendal, mar mei wat oanpassingen kin it wol." It guod komt earst yn brûklien. "Om't it om nasjonaal erfgoed giet, mei it net samar ferkocht of ferpleatst wurde." In spesjalisearre ferhûsbedriuw hat it brocht.

Timmerman Martijn Lepstra hat de kastewand te pas makke. "Deze ruimte is wat lager dan Het Loo. Ik heb wat aanpassingen gedaan zoals de lijsten die er bovenop zaten weggehaald, die waren ook niet origineel."

Hy besiket sa min mooglik skroeven te brûken. "Die zijn weggewerkt aan de achterkant van de kast." Ek in pear plakjes mei houtrot hat er oanpakt en behannele. By de skou moat de skilder der noch by om wat by te wurkjen.

Wannear is it te sjen?

Begjin novimber moat it wurk klear wêze. It is foar it publyk tagonklik as it gemeentehûs iepen is mei iepen monumintedagen of by gearkomsten dêr't publyk wolkom by is.

(advertinsje)