Ritsko van Vliet is op Sulawesi: "Elke euro is van harte welkom"

Nederlân hâldt woansdei in nasjonale aksjedei, foar de slachtoffers fan de tsunami dy't it Yndonezyske eilân Sulawesi ein septimber troffen hat. Fia aksjes op radio en tv wurdt de hiele dei jild ynsammele foar de slachtoffers. De Ljouwerter Ritsko van Vliet, dy't him mei de stifting Amurang al jierren ynset foar de bewenners fan Sulawesi, is op dit stuit op it eilân.
© ANP
"We zitten hier op zo'n duizend kilometer van Palu, de mensen hier mankeren fysiek niets. Maar als je hun gezichten ziet, is de impact wel enorm. Ze zijn onder de indruk en machteloos. Ze hebben het geld niet om erheen te reizen en te helpen met voedsel en medicijnen," fertelt Van Vliet. "Elke euro is van harte welkom, er moet wat gebeuren."
Sulawesi hiet earder Celebes en waard ek wol de tolfde provinsje fan Nederlân. "De mensen hier hebben Nederland in hun hart gesloten."
Hy is sels net yn it rampgebiet, mar pastor Jacob wol. Hy wurket foar de stichting en beheart de tehûzen. De stichting wol de twa tehûzen beskikber stelle foar bern út it troffen gebiet. "Dan kunnen we ze een veilige plek geven en kunnen ze doorleren."
Van Vliet is op Sulawesi mei seis studinten om it reguliere helpprogramma fan Amurang fierder te realisearjen. Se dogge ferskate edukative projekten lykas teäter, naaiaitelier, Ingelske les en dûnsles om de bern mear mooglikheden foar de takomst te jaan.
Ritsko van Vliet (links) en Dirk Houttuin (rjochts) krije it bedrach fan 6000 euro © Omrop Fryslân
Ofrûne wykein helle hy mei in aksje yn Ljouwert noch goed 6.000 euro by elkoar foar de slachtoffers.
Jild foar de lanlike aksje kin oermakke wurde op Giro555.