Botsing tusken twa auto's op De Harkema; plysje set dyk ôf

10 okt 2018 - 11:48

Op de Betonwei op De Harkema hat woansdeitemoarn in botsing west tusken in bestelauto en in persoane-auto. Twa ambulânses binne op it ûngelok ôfkaam.

De auto's - Foto: De Vries Media

By it ûngelok soene twa persoanen ferwûne rekke wêze en nei it sikehûs oerbrocht wêze. De plysje hat de dyk ôfsletten.

Trefwurden: 
ûngelok De Harkema
(advertinsje)