Net befeilige spoaroergong te gefaarlik: ProRail slút se ôf mei betonblokken

Spoarbehearder ProRail wol sa'n 30 fan de hast 120 net befeilige spoaroergongen ôfslute mei betonblokken. Neffens direkteur Pier Eringa is it net langer ferantwurde om de oergongen iepen te hâlden en duorje alle diskusjes en ynspraak te lang.
In net befeilige spoaroergong © ANP
"As der wer in ûngelok gebeurt, dan wolle wy net it ferwyt krije dat we der neat oan dogge'', seit Eringa yn De Telegraaf. It bedriuw seit dêrom takom wike sels te begjinnen mei it ôfsluten fan de 30 gefaarlikste oergongen. Eringa ropt gemeenten op om it inisjatyf sa gau mooglik te folgjen.
Fryslân hat fjouwer iepenbiere oergongen dy't net befeilige binne. Neffens wurdfierder Aldert Baas fan ProRail binne der oer dy oergongen goeie petearen mei gemeenten en de provinsje. It probleem soe mear spylje yn oare provinsjes, lykas Grinslân. Dêrneist binne der ek partikuliere oergongen. In oergong by Harns waard ferline jier mei faasje sletten nei in deadlik ûngelok wêrby't in heit en syn soantsje omkamen.

Dieden

Neffens Baas is it tiid om ta dieden oer te gean. "De discussie gaat nu te veel over hoe we de spoorwegovergangen kunnen openhouden, maar het moet eigenlijk gaan over hoe we ze kunnen afsluiten." Hy tinkt dat minsken net folle oerlêst ha sille fan it ôfsluten. By de 30 gefaarlikste oergongen leit der tichteby in alternative rûte, sa seit er.

Net ûnder de yndruk

Steatsiktaris Van Veldhoven fan Ynfrastrukteur en Wettersteat seit by de NOS dat sy net ûnder de yndruk is fan it foarnimmen fan ProRail om net befeilige oergongen op eigen manneboet te slúten.
"Het is inmiddels traditie dat de heer Eringa in de aanloop naar een Kamerdebat over spoor met allemaal plannetjes in de media verschijnt", sa seit sy. Tongersdei is der yn it parlemint in oerlis oer it spoar. "Voor iedereen die een serieus plan heeft om de veiligheid op het spoor te verbeteren, staat mijn deur altijd open." Oft sy yngripe sil, is net dúdlik. "Daar willen we niet op vooruitlopen", sa seit in wurdfierder tsjin de NOS.