'Minder microplastics', advisearret boargemaster Van de Nadort oan Europeesk Parlemint

It Europeesk Parlemint bepraat kommende wike oer in ferbod op mikroplestik yn kosmetika. It is ûnderdiel fan in advys fan spesjaal rapporteur André van de Nadort, de boargemaster fan Weststellingwerf.
Plastic út it wetter © ANP
It ferbod op mikroplestik yn kosmetika is ûnderdiel fan in breed foarstel oer it gebrûk fan keunststoffen yn in sirkulêre Europeeske ekonomy. Spesjaal rapporteur André van de Nadort ferdigenet syn foarstel woansdeitemoarn yn it Europeesk Parlemint. Hy is oanfierder fan in advysorgaan fan in Komitee fan de Regio's dat oansetten jout foar nije Europeeske rjochtlinen.
Yn de hiele wrâld wurdt 9 prosint fan alle plestik werbrûkt en dat moat oars, stelt it orgaan. It komitee wol fabrikanten oplizze dat yn 2025 op syn minst de helte fan alle keunststofprodukten dy't sy op de merk bringe út recycled keunststof besteane.
© ANP
Van de Nadort krijt fiif minuten sprektiid. Dêryn wol hy in tal punten ûnderstreekje: minder plestik, minder soarten plestik en bettere recycling. De konsumint kin no ek al wol oan de slach mei it ferminderjen fan it gebrûk fan plestik.
"Je hoeft geen plastic borden te gebruiken, je hoeft geen plastic bestek te gebruiken", seit Van de Nadort. "We drinken veel water, doe dat bijvoorbeeld uit navulbare flesjes", seit hy. Dat der no foar plestik tassen betelle wurde moat, helpt ek al in hiel soad. "Kustgemeentes vinden veel minder plastic tassen in de zee", fertelt hy.
Boargemaster Van de Nadort