Follybalfroulju ûnderút, mar plak by lêste seis is tichtby op WK

10 okt 2018 - 10:00

Marrit Jasper en de Nederlânske follybalfroulju hawwe woansdei op it WK yn Japan foar it earst in wedstriid ferlern. Brazilië wie yn in spannende fiifsetter te sterk (3-2). Nettsjinsteande it ferlies is de ploech fan bûnscoach Jamie Morrison ticht by in plak yn de Final Six.

Marrit Jasper - Foto: ANP

It gie lyk op yn it Japanske Nagoya. Nederlân wûn de earste set (25-21) en Brazilië de twadde (25-18). Dêrnei kaam Oranje wer op foarsprong troch de tredde set te winnen (27-25). It waard opnij lyk, omdat de Brazilianen de fjirde set binnensleepten (25-19).

Der moast in fiifde set oan te pas komme om in winner oan te wizen. Dy gie mei dúdlike sifers nei de Súd-Amerikanen (15-7). Under oare yn de beslissende set kaam Jasper binnen de linen, mar de 22-jierrige passer-rinster út Snits koe it tij net keare.

Achtste wedstriid

It wie alwer de achtste wedstriid foar de froulju op it WK. Earder waarden Japan, Dútslân, Meksiko, Argentinië en Kamerûn yn de earste groepsfaze ferslein en wûnen se yn de twadde groepsfaze fan Puerto Riko en de Dominikaanske Republyk.

Trefwurden: 
WK Marrit Jasper follybal
(advertinsje)