Autobestjoerder rekket ferwûne by iensidich ûngelok op A32
De bestjoerder fan in bestelauto is woansdeitemoarn ferwûne rekke by in ûngelok op de A32. Tusken Wolvegea en Akkrum, krekt nei it knooppunt It Hearrenfean, rekke de auto troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk, botste tsjin in beam en kaam op de kop ta stilstân.
De bestjoerder is mei ûnbekende ferwûningen oerbrocht nei it sikehûs. Troch it ûngelok en it ûndersyk nei de oarsaak stie der in file op de autodyk.