Diel Skiermûntseagers sjocht nij plak besikerssintrum net sitten

10 okt 2018 - 08:35

Der binne meardere beswieren yntsjinne tsjin it nije plak fan it besikerssintrum op Skiermûntseach, meldt RTV Noord. It sintrum, dêr't ek it VVV yn komme moat, sit no oan de râne fan it doarp, mar der binne plannen om it nei it sintrum te ferhúzjen.

De fjoertoer fan Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De beswiermakkers binne benaud dat dêrtroch de ferkearsfeiligens yn it sintrum tanimt. Josje Kooistra is ien fan de beswiermakkers. "Deze plek zie ik niet zitten omdat het heel gevaarlijk is. Op welk moment je van de dag daar ook komt. Er rijden vrachtauto's, bussen, fietsers en er is geen stoep. Het is gewoon een heel gevaarlijke en drukke plek", seit Kooistra.

'Opknappen te djoer'

De beswiermakkers sjogge leaver dat it sintrum op it besteande plak bliuwt, mar neffens de gemeente is it opknappen fan it gebou dêr fierste djoer. Boppedat tinkt de gemeente dat it mei de ûnfeiligens yn it sintrum wol tafalt. "Het huidige VVV-kantoor zit al in het centrum, die mensen zijn er al", seit boargemaster Ineke van Gent. "De excursies en de balgexpres vertrekken vanaf andere plekken. Verder komt er extra ruimte om fietsen te stallen."

Neffens de gemeente binne der ek eilanners dy't posityf stean tsjinoer de ferhuzing.

(advertinsje)