'It Kazemattenmuseum moat in betinkingssubsydzje krije'

10 okt 2018 - 08:22

It Kazemattenmuseum op de Ofslútdyk by Koarnwertersân is ien fan de musea dy't in betinkingssubsydzje fan it Ryk krije moat. Dat fynt CDA-Twadde Keamerlid Harry van der Molen.

Befrijing - Foto: ANP

Yn 2020 wurdt stilstien by de befrijing fan ús lân, dan 75 jier lyn. Neffens Van der Molen binne in soad plakken dêr net op taret. Hy wol dat it Ryk minimaal twa miljoen euro frijmakket, sadat musea harren goed tariede kinne op de betinking.

De histoaryske plakken wolle graach ekstra besikers oanlûke, mar it jild dêrfoar ûntbrekt. Neffens Van der Molen ha wy in brede maatskiplike ferantwurdlikheid om it ferhaal fan de befrijing troch te jaan.

(advertinsje)
(advertinsje)