Kollum: "(Troch)seure"

10 okt 2018 - 08:06

"Us heit fûn yn de santiger jierren dat Nederlân út de NAVO moast. Op in partijjûn yn De Lawei sei Joop den Uyl dat soks net koe. Us heit ferskuorde yn it publyk syn lidmaatskipskaart fan de PvdA, mar hy hat der noait wer in bek oer iepen dien. Net seure.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Sa bin ik ek. Ik woe de dividintbelesting bestean litte, Mark Rutte net. Doe ha ik Unilever belle en dy mannen seine: dat regelje we. No hoech ik net mear te seuren.

Inkeld dy dingen wêr't gjin beslissing oer naam wurdt, dêr bliuwt elkenien altyd oer seuren. Wintertiid of simmertiid: diskusje, stimme en dan moat we der noait mear oer seure. Ik wurd ek sa lilk dat sadree't de pipernuten wer yn de supermerk lizze, augustus leau ik, dat dan dy Swarte Pitediskusje wer begjint. No dat geâldehoer de hele wike yn de rjochtbank, mislik wurd ik der fan. Gjin wûnder dat sa'n rjochter út de tiid rekket. Gewoan ien beslissing nimme: gjin Sinteklaas mear, de bern krije wol in pakje ûnder de krystbeam. Dan seure dy ek net mear.

Dus wannear't je no fyftjin jier diskusje en geâldehoer hân ha oer de ôffalferbrâningsynstallaasje it REC yn Harns, dan tink ik: hâld no mar op fan seuren, mar dát waard wat oars.

Sneontemoarn kaam der nammentlik stoom út it REC. Ik tocht noch: ach, der stiet ien fan dy meiwurkers fan it REC efkes yn it fjoer te pisjen, mar dat wie net sa. In stoomlieding yn de tsjettel wie stikken gien. Doe moast it ferbrânen ophâlde en dus ha se wetter oer it fjoer spuite. Dat joech stoom.

It wiete ôffal moast út de tsjettel helle wurde, want wiet spul kinne je net ferbrâne sûnder stoom en oer stoom wurdt seurd troch Afvaloven Nee. Die seurden daliks ek al wer dat sý twa oeren nei de stoom pas op de hichte steld waarden fan dat der stoom frijkaam wie. Se wolle tenei earst warskôge wurde, foardat minsken yn it REC harren rotsoai opromje.

En dy wienen noch lang net klear. Sneontejûn reizge de brânwacht sels nei it REC. Se krigen it meast singeliere fersyk wat se ea krigen ha: dwêst de brân yn de ferbrâningsûne. Want dy REC-jonges koene de rommel net út krije. Der bleau wiete rommel op it roaster lizzen en dat bleau brânen en dat joech wer stoom. De brânwacht ferklearre it ta middelgrutte brân en hat it nei in pear oeren útmakke.

Witte jim wat dy direkteur fan it REC John Vernooy sei. Ja, sa'n liedinkje brekt wol faker. De gassen fan in ferbrâningsûne taaste de pipen oan.

Gassen? Wat foar gassen?

Dêr joech Vernooy gjin andert op. Hy sei inkeld: wês net ûngerêst, yn maart krij we nije liedingen. Dêr sitte dan tsjokkere beskermingslagen omhinne. Dan duorret it wer wat langer foardat se oantaast wurde.

Ja, tocht ik, dan kinst krekt salang dy frjemde gassen wer feilich de loft ynpompe, oant datsto ôfskied naam hast as direkteur. Net te leauwen, in lieding brekt. Dat bart, seit Vernooy, yn alle ferbrâningsûnen en jim ha hjir yn Harns net in pear reservepypkes lizzen? Wat binne jim foar prutsers. Provinsje, gryp yn! No, miskien. Dy wolle earst in ûndersyk dwaan, wy hearre oer in heal jier wol mear.

It giet fansels oer de skea dy't je de befolking oandogge. Oant yn Mullum ta sizze se dêr dat se sneon yn de stjonkende stoom sitten ha. De brânwacht soe noch mjitte wannear't der ek skealike stoffen yn de loft sieten. Ik tink dat de lju dêr oer twa wike in kear it resultaat fan sjen sille. De measten lizze dan al yn it sikehûs of sa.

Dat klinkt wat wreed en it falt miskien ek wol wat ta, mar oerlêst is wol slim. Der hat jierren en jierren diskusje west wêrnei't it REC der wol komme moast. Dat kaam der úteinlik al. Dan tinke je: net mear seure.

Mar wannear't je sa faak fan dy stomme mankeminten ha as it REC, dan mei der om my best krekt sa lang seurd wurde as dat de hiele ferbrâningsûne ferbrând is. Gjin mûlkapkes, trochseure.

Eh, hoe moatte we dan ús rotsoai kwyt reitsje? Wat in geseur altyd!"

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)