Merk Fryslân sit oan tafel by earste nasjonale Toerisme Top

10 okt 2018 - 07:25

Yn Deventer wurdt woansdei de earste Toerisme Top fan it lân hâlden. Doel is om it toerisme mear nei regio's bûten de Rânestêd te krijen, sadat safolle mooglik stêden en regio's dêrfan profitearje kinne. Ut namme fan Fryslân sit Martin Cnossen fan Merk Fryslân oan tafel.

Fryske flagge - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De top is in inisjatyf fan de provinsje Oerisel en wurdt stipe troch it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat. Undernimmers, provinsjes, gemeenten en oare belangstellenden beprate by dizze top de útdagingen en kânsen foar Nederlân as toeristyske bestimming yn 2030.

De toeristyske sektor yn de trije noardlike provinsjes docht ek in oprop oan de polityk om mear jild út te lûken foar it toerisme.

Martin Cnossen oer toerisme

(advertinsje)
(advertinsje)