Groep Amelanners wol ferhúsplan soarchsintrum De Stelp weromdraaie

Der is ûnfrede op It Amelân oer de plannen fan de gemeente om soarchsintrum De Stelp te ferhûzjen nei de Oranjewei bûten Hollum, tusken de sportfjilden yn. Dat die tiisdeitejûn bliken op in diskusjejûn, dêr't sa'n 50 minsken op ôfkamen. De measten fan harren wolle De Stelp yn it sintrum fan it doarp hâlde.
It plak dêr't De Stelp no sit © Google Street View
Riek Ridder en Wim de Boer, beide 90-plussers, stienen oan de basis fan de diskusjejûn yn de wenkeamer fan De Stelp. Underwerp fan de jûn wie hoe't se De Stelp hâlde kinne op De Stelp, it stik lân dêr't it soarchsintrum nei ferneamd is. No leit it soarchsintrum noch ticht by de winkels en op de rûte fan de hysterêdingsboat.

Net belutsen yn beslút

Ein maaie besleat de gemeenteried ta nijbou fan De Stelp op in oare lokaasje. Dy ried bestie út fiif nije leden en waard oanfierd troch it foarige kolleezje fan boargemaster en wethâlders. In punt fan diskusje is no dat de bewenners fan it soarchsintrum en de Amelanners net belutsen binne by it beslút oer it ferhûzjen.
De measte minsken op de diskusjejûn ha it leafst dat it beslút oer de ferhûzing nei in plak bûten it doarp hielendal weromdraaid wurdt. Der wiene wol ynspraakjûnen, mar allegear nei't it beslút al nommen wie. Minsken koene meiprate oer eat dat se hielendal net woene.

Tsjinstanners wolle aksjefiere

De groep tsjinstanners wol aksjefiere en hantekeningen sammelje. Se binne fan doel om oare wike woansdei mei in grutte ôffeardiging oan te skowen by ynrinjûn fan de riedsfraksjes.
De gemeente siket al in arsjitekt foar it nije gebou. De oanbesteging dêrfoar slút op 22 oktober.

Finansierjen noch net rûn

De nijbou giet allinnich troch as soarchoanbieder Kwadrant meibetellet. Dêr hat Kwadrant noch gjin útslútsel oer jûn.