Operaasjes MCL annulearre

07 nov 2011 - 14:26

Troch in kompjûtersteuring op de operaasje-ôfdieling yn it MCL Ljouwert koene mear as tsien minsken moandeitemoarn net operearre wurde.

Troch in kompjûtersteuring op de operaasje-ôfdieling yn it MCL Ljouwert koene mear as tsien minsken moandeitemoarn net operearre wurde. De kompjûter wurdt brûkt om de histoarje fan pasjinten te kontrolearjen foardat se ûnder narkoaze brocht wurde. Om't dit no net kontrolearre wurde koe, binne de operaasjes foar de feilichheid fan de pasjinten útsteld.

Der waard noch wol operearre by akute gefallen en kankerpasjinten. Yntusken is de stoaring foarby. De operaasjes wurde sa gau as mooglik ynhelle.

(advertinsje)