Ynwenner Wûns poer oer ôfsluten diel fan strjitte

André de Haan út Wûns hat de gemeente Súdwest-Fryslân foar de rjochter dage. De Haan fynt dat it yn syn strjitte in rommeltsje is. Hy is it boppedat net iens mei it beslút fan de gemeente dat in stik fan de strjitte by de tún fan syn buorlju belutsen wurdt.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Neffens De Haan liet syn buorfrou allegearre rommel, spullen en bou-ôffal op de smelle strjitte lizze, wêrtroch't gjinien der mear troch koe. "Zelfs de postbode kan er niet langs. Ik heb de gemeente al een paar keer gebeld, maar er gebeurt niets. Het is er een puinzooi", sei De Haan op de rjochtsaak yn Den Haag. Nei ôfrin fan de rjochtsaak sei de gemeentewurdfierder ta om in hanthavener nei it Alde Skoallepaad te stjoeren dy't maatregels nimt, as it nedich is.

Gjin iepenbiere ferkearswei mear

De Ried fan Steat behannele ek it berop fan De Haan tsjin it diels opheffen fan it Alde Skoallepaad as iepenbiere ferkearswei. De gemeente gie earder akkoart mei it fersyk fan twa bewenners fan it paad om in diel fan de wei by harren tún te lûken. Dat diel fan it Alde Skoallepaad wie eigendom fan de bewenners.
De gemeente fynt it prima dat it Alde Skoallepaad in fyts- en fuotgongerspaad wurdt. Der bliuwt in paad oer fan ien meter oer. De Haan sjocht dat absolút net sitten. Hy is noch hieltyd drok mei it wer opbouwen en restaurearjen fan de yn 1997 ôfbrânde buorkerij en skuorre oan it Alde Skoallepaad.

Gefaarlik by brân

De Haan fynt it ûnfertarber dat it paad ûnberikber makke wurdt foar auto's en oar ferkear. Boppedat is it gefaarlik as der brân útbrekt. "Toen er in 1997 een grote brand was op de boerderij, gebruikte de brandweer het Oude Schoolpad om de naastliggende panden nat te houden. Als dat niet was gebeurd, was het hele straatje afgebrand", seit De Haan.
Neffens de gemeentewurdfierder fan Súdwest-Fryslân hat de brânwacht sels yn in advys oanjûn der gjin probleem mei te hawwen dat it Skoallepaad foar in part opheft wurdt. De brânwetterput sit fierder op yn it doarp en dêrwei kin de brânwacht slangen útrôlje.

"Gjin ûnakseptabel neidiel"

Fierder fynt de gemeente dat De Haan gjin ûnakseptabel neidiel fan de ôfsluting ha kin. It diel fan it Alde Skoallepaad lâns syn wenning en skuorre is al jierrenlang ôfsletten en priveeterrein wurden. Boppedat kin De Haan syn wenning en skuorre noch berikke fia de Tsjerkestrjitte en it Alde Skuollepaad, dat oanslút op de Wearsterwei.
Neffens De Haan hâldt de gemeente allinnich rekken mei de belangen fan syn buorlju en net mei dy fan him en alle oare ynwenners fan it doarp.
De útspraak fan de rjochter is oer in pear wiken.