Súdeast-Fryslân wol mear Rustpunten foar fytsers en kuierders

09 okt 2018 - 21:58

Efkes in blokje om en ûnderweis in bakje kofje drinke. Yn súdeast-Fryslân wolle se dat der mear Rustpunten mei foarsjenningen komme foar fytsers en kuierders om efkes út te rêsten. It moatte sitplakken wurde dêr't de minsken sels kofje, tee of ranja meitsje kinne. Én dêr't se harren elektryske fyts oplade kinne, ynformaasje krije kinne oer de omjouwing en efkes nei it húske kinne.

Bosk yn de hjerst - Foto: Shutterstock.com

De rêstplakken binne foar elkenien tagonklik en minsken meie sels bepale wat se der foar jouwe. Der binne al 550 rêstpunten yn acht provinsjes te finen.

De gemeenten Hearrenfean, Opsterlân en Smellingerlân wolle it toeristyske oanbod yn súdeast-Fryslân graach fierder útbouwe troch it tal Rustpunten te ferheegjen.

Betingst foar sa'n rêstpunt is wol dat it oan of flakby in fyts- of kuierrûte leit of in minimale ôfstân hat oant in besteand hoarekabedriuw. Ek moatte de punten op syn minst fjouwer dagen yn de wike iepen wêze.

(advertinsje)