UPDATE: Skoarstienbrân wenbuorkerij Burchwert ûnder kontrôle

09 okt 2018 - 21:42

In wenbuorkerij yn Burchwert hat tiisdeitejûn yn de brân stien. It begûn as skoarstienbrân, mar ek op it dak en op boppeste ferdjipping wie fjoer. Yntusken hat de brânwacht de brân ûnder kontrôle.

Foto: Rudy Bouma / FrieslandActueel.nl

De brânwacht hie it oer in middelbrân. Dat betsjut dat se mei twa weinen de brân bestride woene. Letter waarden mear brânwachten ynset.

It bestriden die de brânwacht fan binnenút de buorkerij. Se koene gebrûk meitsje fan in plak mei wetter dat flakby de buorkerij leit. In grut diel fan de wenbuorkerij is besparre bleaun. De brân- en wetterskea sit benammen yn de naal en op de boppeste ferdjipping.

Der wiene gjin bewenners mear yn de buorkerij.

Trefwurden: 
brân Burchwert
(advertinsje)
(advertinsje)