Wat docht de A7-saak en de diskusje foar it imago fan Fryslân?

09 okt 2018 - 21:35

De rjochtsaak hat no twa dagen wiidweidich yn it nijs west en dat sil de hiele wike noch sa wêze. Op Twitter is de hashtag #blokkeerfriezen trending topic. Mar no lykje de Friezen, de Swarte Pyt-diskusje, rasisme en nasjonalisme mei-inoar ferbûn te wêzen. Wat docht de saak mei de útstrieling fan Fryslân?

Yn Fryslân Hjoed siet tiisdei Wytze Visser, merkekspert. Hy fertelt wat de saak mei it imago fan Fryslân docht. Net in soad, neffens him. "Dat is sa sterk, dat feroaret net. Mar it is wol sa dat we no 'iepen mienskip' as tema fan it Kulturele Haadstêd-jier ha, wylst it no oer 'blokkeerfriezen' giet. Dat is al in tsjinstelling."

It is ek net sa dat de diskusje altyd mei Fryslân te krijen hat. "De hiele diskusje giet al jierren, mar it konsintrearret him no op Fryslân. Mar aanst giet Sinteklaas nei Zaanstad ta. Dan bart dêr wat en dan giet it hiele sirkus dêrhinne."

Dizze dagen fan de rjochtsaak giet it ek oer foar of tsjin Swarte Pyt. Allinnich is dat net wêr't de saak oer giet, leit Visser ek wer út. "De fertochten binne grutsk, want sy har har doelstelling behelle. Mar dêrby ha se ek de wet oertrêden: dan krijst in boete óf moatst foar de rjochter komme", seit Visser. "De rjochtsaak giet oer de oertrêding. It wurdt no brûkt om der mear fan te meitsjen, wêrtroch't de hiele Swarte Pite-diskusje wer optromme wurdt."

Ferdielde Fryske mienskip

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust, dy't de saak foar Omrop Fryslân folget, sjocht dat de mienskip ferdield wurdt. En der komme minsken op de saak ôf dy't it brûke foar politike doelen.

"Martin Bosma fan de PVV is hjir, lykas de foarmannen fan de ekstreemrjochtse Pegida en Nederlandse Volks-Unie", seit Zeldenrust. "Wat is har belang? Je moatte it proses suver juridysk sjen, mar it krijt in politike lading. Sy sjogge dat der wat te winnen falt."

Nasjonalisme stiet faak yn de wei om te begripen hoe't in oar tinkt.

Wytze Visser

"It giet de hiele tiid oer kampen", seit Visser. "Bist foar of bist tsjin. Mar der is tink ik folle nuânse. De fertochten wenje yn de omjouwing dêr't minder swarte minsken wenje. 'Sille sy my no sizze hoe't ik Sinteklaas fiere moat?', tinke se."

"Dat wurdt keppele oan eat hiel Frysk. Dan krijst in foarm fan nasjonalisme dat nergens ta liedt. Dat stiet faak yn de wei om te begripen hoe't in oar tinkt. Want dat moat it útgongspunt wêze: ha wat begryp foar elkoar."

Trefwurden: 
rjochtsaak A7-blokkearders
(advertinsje)