Winkelsintrum Ljouwerter binnenstêd krijt 'Gouden Stjer' foar tanommen feiligens

09 okt 2018 - 21:23

It winkelsintrum fan de Ljouwerter binnenstêd is tiisdei sertifisearre mei in 'Gouden Stjer' fan it Keurmerk Veilig Ondernemen KVO. It winkelsintrum - dêr't ek de Skrâns yn Huzum by rekkene wurdt - is no it grutste oaniensletten winkelgebiet fan Nederlân mei sa'n sertifikaat.

Francie van de Beek fan it Centrum Criminaliteitspreventie en Veiligheid rikte de Gouden Stjer út - Foto: Omrop Fryslân

In Gouden KVO-Stjer hâldt yn dat it winkelsintrum skjin, hiel en feilich wêze moat. Undernimmers, plysje, brânwacht en gemeente binne mei-inoar al sa'n tolve jier oan de gong om de binnenstêd feiliger te krijen foar besikers, winkellju en bewenners.

Neffens wykagint Klaas Tulner is de binnenstêd de lêste seis jier echt in stik feiliger wurden, benammen tanksij in goeie gearwurking. As der earne in dief sinjalearre wurdt, wurdt dat gelyk oan alle partijen trochjûn. Dat wurket sa goed dat guon winkeldieven leaver oare lokaasjes útsykje as de Ljouwerter binnenstêd.

Protte oploste stellerijen

Ek yn dit Kulturele Haadstêd-jier giet it neffens Tulner goed mei de feiligens, want it tal oanjeften is net heger as oars. Tulner is in grut foarstanner fan oanjeften, want ek mei it persintaazje oploste stellerijen skoart Ljouwert goed yn ferliking mei oare stêden.

"Befeiliger Trigion docht eins altyd oanjefte foar de middenstân", fertelt Tulner. "Mei in stik as wat oanjeften hawwe wy faak wol in mooglike dieder op it each. Wy kinne de measten wol en sy ús ek."

Persoanlike kontakten mei elkenien

In feilige binnenstêd stiet en falt mei goeie gearwurking en persoanlike kontakten tusken plysje, middenstân, brânwacht en befeiligers, allegearre eagen en earen op strjitte dy't inoar hiel maklik fine.

De linen binne koart en de kontakten ynformeel; wykagint Klaas is foar elkenien 'Klaas' en de binnenstêdmanager hjit 'Hayo'. "Ik moat mei elkenien prate kinne, ek mei in 'junk', in dakleaze of in jongere. Dan moatte je net út de hichte dwaan", seit wykagint Klaas.

It is ek belangryk datst de minsken kenst en oarsom." Mei keale holle en freonlike útstrieling is wykagint Klaas yn alle gefallen tige werkenber, mar in winkeldief giet leaver in blokje om as er him oankommen sjocht.

Binnenstêdsmanager Hayo Galema oer de Gouden Stjer

Wykagint Klaas Tulner fan de binnenstêd

(advertinsje)